Weropbou ôfbaarnde Clemenstsjerke It Amelân kin begjinne

13 sep 2015 - 13:50
  • Clemenstsjerke nei de brân
  • Clemenstsjerke It Amelân Nes

De weropbou fan de ôfbaande Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân kin begjinne. Biskop De Korte hat dêr offisjeel tastimming foar jûn.

De tsjerke baarnde yn febrewaris 2013 ôf. Sûnt dy tiid hat it parochybestjoer ûnder lieding fan Jongsma fan de Stichting Behâld Tsjerklike Gebouwen Fryslân yn oerlis west mei de fersekering en oare belutsenen. De weropbou kin no begjinne. Friso Bouw sil it wurk dwaan. De kosten binne goed 3,2 miljoen euro. Yn novimber is in kollekte yn it hiele bisdom Ljouwert-Grins foar de Clemenstsjerke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)