Slachtoffer brân yn Dokkum is frou

13 sep 2015 - 08:31

It slachtoffer fan de brân sneontemoarn yn Dokkum, is in frou. Dat meldt de plysje. Oft it om de bewenster fan it hûs giet, is net dúdlik. De plysje hat de identiteit fan de frou noch net fêststelle kinnen. De brân yn in wenhûs oan de Hoedemakerswei yn Dokkum bruts sneontemoarn om in oere as acht út. Omdat it om in fûle brân gie, koe de brânwacht net op 'e tiid by it slachtoffer komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)