Fiskerman mei jonkje no 'hufterproof' werom yn Boalsert

12 sep 2015 - 17:30

It foar Boalsert bekende byld 'Fiskerman mei jonkje' is sneontemoarn op iepen monmintedei yn fernijde ferzje werompleatst op syn plak. It âlde byld fan hout wie nei 20 jier bot oantaaste troch waar en fandalisme; it byldsje is wol 80 kear fernield.

It byld fan keunstner Durk Bosma is no yn brûns getten. It byld is foarsjoen fan in hufterproof fuotstik wer werompleatst oan de Boalserter Tsjerkstrjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)