Motorrider komt om by oanriding op A7 by Aldehaske

12 sep 2015 - 13:02
  • It plak fan it ûngelok; de A7 by Aldehaske

In motorrider is sneon oan it begjin fan de middei omkaam by in oanriding op de A7 by Aldehaske. De motor kaam yn botsing mei in auto. De motorrider kaam op it plak fan it ûngelok te ferstjerren as gefolch fan syn ferwûnings.

Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net dúdlik. De dyk is foar in part ôfsletten. It ferkear moat rekken hâlde mei fertraging. Der stiet in pear kilometer file. De file wie nei in pear oeren wer foarby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)