Burgumer swimbad Wetterstins wer iepen

12 sep 2015 - 10:49

Yn Burgum is sneontemoarn it folslein modernisearre swimbad de Wetterstins iepene. It bad is hielendal by de tiid brocht en ek feiliger wurden. Sa binne der stroeve tegels op de flier kaam en binne kabels fuortwurke. Der is ek in nij luchtsirkulaasjesysteem kaam, sadat it net mear siicht. En rûnom yn it gebou is LED-ferljochting oanlein.

Wethâlder Doeke Fokkema fan Tytsjerksteradiel hat it bad sneontemoarn iepene. En fan alve oere ôf kin it publyk der te plak foar in rûnlieding. Sneontemiddei is it nije swimbad fergees tagonklik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)