Koos Tiemersma wint Gysbert Japicxpriis

11 sep 2015 - 22:05

Skriuwer Koos Tiemersma hat mei syn boek 'Einum' de Gysbert Japicxpriis wûn. Neffens de sjuery hat Tiemersma mei syn boek de plattelânsroman op'e nij útfûn. Oare kânshawwers wiene 'In kop as in almenak' fan Elske Hindriks en 'Littenser Merke' fan Ale S. van Zandbergen. De Fryske literatuerpriis wurdt om de twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy.

De winner waard freed bekend makke op it Fryske Boekefeest yn de Koperen Tún yn Ljouwert. De priisútrikking is in moanne letter yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)