Nije truck foar foarljochting op skoallen

11 sep 2015 - 18:57

De Chauffeurs Vereniging Friesland (CVF) hat freed in nije truck yn gebrûk naam. De truck wurdt ynset om skoalbern te ynformearjen oer gefaarlike sitewaasjes yn it ferkear dêr't frachtweinen by belutsen binne. Frijwilligers fan de feriening berikke sa al jierrenlang mar leafst 40.000 skoalbern. De nije truck, in Volvo mei in saneamde Euro 6 motor, koe oanskaft wurde mei help fan subsydzjes en sponsoaren. Deputearre Sietske Poepjes fan ferkear ried de truck foar de oerdracht sels de Ljouwerter ScanTri-hal út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)