FIDEO: Dokkumers posityf oer nij AZC

11 sep 2015 - 17:05
  • (argyffoto)
  • It terrein foar it azc yn Dokkum

Ynwenners fan Dokkum lykje posityf oer de komst fan in nij asylsikerssintrum yn de stêd. It nije AZC moat komme op it plak fan it âlde, oan de Parklaan. Dokkumers hawwe oer it generaal goeie ûnderfinings mei in AZC. Yn it begjin yn 1996 wiene der noch wol protesten, mar dat sloech de jierren dêrnei om, want grutte problemen ha der nea west. Undernimmers kinne har der wol yn fine dat der wer in AZC komt. En it Dockinga College dat der flakby sit, is posityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)