Ljouwerter Jacco de Boer kandidaat foar CDA-bestjoer

11 sep 2015 - 15:46
  • CDA

Jacco de Boer út Ljouwert is ien fan de kandidaten foar it lanlike CDA-partijbestjoer. Tegearre mei Jaap Boot út Ede is De Boer foardroegen foar de post sport, kultuer en frijwilligers. It nije bestjoer wurdt op 7 novimber keazen. Dan is it hjerstkongres fan it CDA. De partij krige 18 sollisitaasjes binnen en hat fiif kandidaten foardroegen. De Boer wurket yn Ljouwert foar Kulturele Haadstêd 2018. Neffens him foarmje kultuer en sport in mienskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)