Van den Berg noch altyd ûnwis foar derby

11 sep 2015 - 15:32

It is noch altyd ûnwis oft Joey van den Berg meidwaan kin yn de derby fan snein tsjin FC Grins. De Hearrenfeanspiler hat lêst fan syn ljisk en hat hjoed foar it earst meitraind. Sneon sil besjoen wurde oft hy echt wer meidwaan kin.

Jordy Buijs traint ek wer mei. De ferdediger wie lang útskeakele troch in knibbelblessuere. Lodeweges hopet dat hy mei de beloften of mei in oefenpot wer ris meidwaan kin om minuten te meitsjen. Joost van Aken revalideart no yn Zeist.

Neffens Lodeweges is hy wol wat positiver oer syn hamstringblessuere, mar it is dreech om te sizzen wannear't Van Aken werom komt.

Mooglike opstelling: Mulder, Van Anholt, St. Juste, Bijker, Cavlan, Van den Boomen, Thern, Van den Berg (Thorsby), Slagveer, Te Vrede en Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)