Provinsjebestjoer: ynvestearrings Wurkje foar Fryslân oars

11 sep 2015 - 13:45

It nije provinsjebestjoer sjocht kritysker nei de ynvestearrings dy't it útfiert yn it ramt fan it miljoeneprojekt Wurkje foar Fryslân. Fan de beskikbere 300 miljoen euro, sil 100 miljoen oars ynset wurde as earder pland.

Gefolch dêrfan is wol dat der minder jild beskikber is foar projekten dy't te krijen hawwe mei ûnderwiis en ynnovaasje. De 100 miljoen euro dy't oars bestege wurdt, sil ûnder oare brûkt wurde foar it oanlizzen fan flugge ynternetferbinings yn en nei Fryske doarpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)