Welmoed Sijtsma hat nocht oan earste Jeugdjournaal

11 sep 2015 - 11:31

Ljouwerter Welmoed Sijtsma makket freed har debút as presintatrise fan it Jeugdjournaal. Sijtsma wurke earder al achter de skermen by it programma en wie ek ferslachjouwer by Omrop Fryslân. It is in spannende dei foar de Ljouwerter, al foel de spanning freedtemoarn noch ta.

De ôfrûne wiken hat se in soad help hân fan in coach. Der is oefene mei it lêzen fan teksten op in autocue en de kamerastânpunten yn de studio. Sijtsma sjocht der nei út om har presintaasjedebút te meitsjen. ''Ik wol gewoan los mei de earste útstjoering en hoopje dat it dêrnei wat 'normaler' wurdt."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)