Mear as trijetûzen auto's kontrolearre op Ofslútdyk

11 sep 2015 - 10:34

De plysje hat tongersdei ferskate minsken oanhâlden, fiif auto's yn beslach naam en tsientallen boetes útskreaun by in grutte kontrôle op de Ofslútdyk. Ien fan de minsken dy't oanholden waard, hie noch foar 21.000 euro oan boetes iepenstean. Ek is in man oppakt foar ferbean wapenbesit. Hy hie in mes yn syn auto.

Mei-inoar binne 3.200 auto's kontrolearre. It doel fan de kontrôle wie de oanpak fan it saneamde `mobyl banditisme'. Dêrby wurdt de Ofslútdyk brûkt as oan- en ôffierrûte troch kriminelen.

Dan giet it bygelyks om drugshannel en wenningynbrekkers. Mei-inoar sil de plysje fan 1 oktober ôf nochris acht fan dizze grutte kontrôles útfiere yn de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)