Aksjejûn by maneezje Berltsum tsjin narjen

11 sep 2015 - 08:11

Der is freedtejûn in aksjejûn yn de maneezje Japero yn Berltsum mei omtinken foar de oanpak fan narjen. Dat kin op meardere wizen, bygelyks troch om te gean mei hynders. Lykas hûnen en dolfinen fiele hynders oan hoe't in persoan him echt fielt.

Minsken leare dêrom mei help fan de hynders om te gean mei oaren. Sa leare se bygelyks oaren rjocht yn de eagen te sjen en rjocht op te stean. Doel is om de persoanlikheid fan de persoan sterker te meitsjen en sa it narjen tsjin te gean. Organisator Petra Weijer ferwachtet mear as 200 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)