Earste peal Peinder Mieden yn 2017

10 sep 2015 - 22:43

De earste peal fan de nije wenten yn de Peinder Mieden moat yn 2017 lang om let de grûn yn. Al sûnt jannewaris 2013 wurdt der praat oer it plan yn it stik natoergebied by De Pein. De gemeente Smellingerlân hat de bestimmingsplanproseduere oanfrege en dat betsjut dat it noch sa'n oardel jier duorret oant der echt boud wurde kin.

Der binne noch fiif kavels beskikber dy't opfold wurde moatte. Keapersferiening De Peinder Mieden hopet dat de lêste kavels oan de ein fan dit jier fersein binne.

Dernei wol de keapersferiening sa gau as mooglik los mei de fergunnings foar de twadde boufaze. Dêryn binne ûngefear trettjin kavels beskikber.

Tongersdei wie der in speeddate dêr't belangstellenden harren ynformearje litte koene. Om't it in duorsum projekt is, wiene der njoggentjin bedriuwen dy't harren inisjativen presintearden. Neffens Jentje Steegstra fan de keapersferiening kamen der mear minsken as de ferwachting wie en wie der ek wer nije belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)