Dokkum krijt wer in AZC

10 sep 2015 - 20:51

Dokkum krijt wer in asylsikerssintrum as it oan boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel leit. It azc komt nei alle gedachten op it terrein oan de Parklaan dêr't earder ek al in asylssikerssintrum stien hat. Dêr kin in folslein nije opfanglokaasje foar maksimaal 600 flechtlingen komme.

It kolleezje hat de plannen tongersdeitejûn bekend makke op de riedsgearkomste. Dongeradiel wol op dizze wize sjen litte dat se minsken yn need helpe wol. De omwenners fan it takomstige azc binne yntusken ynformearre.

Foar alle oare Dokkumers is der ynkoarten in ynformaasjegearkomste. Dokkum hat fan 1996 oant 2006 asylsikers opfongen oan de Parklaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)