57.000 besikers op Oerol

21 jun 2009 - 10:55
  • Op it Westerkeyn-terrein
  • Drokte by de boat

Teaterfestival Oerol op Skylge hat dit jier 57.000 besikers lutsen. Dat binne der sa'n twatûzen mear as ferline jier. Hast de helte fan de besikers kocht in paspoart. Dêrmei krigen je tagong ta in tweintichtal foarstellings en muzykoptredens.

Neffens de organisaasje wie de kwaliteit fan de foarstellings oer it generaal goed. Festivaldirekteur Janneke Staarink is dan ek tige tefreden oer it ferrin fan it festival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)