Leechstân yn de binnenstêd fan Dokkum rint werom

10 sep 2015 - 15:21

De leechstân yn de binnenstêd fan Dokkum is it ôfrûne jier mei de helte weromrûn. Dat komt troch in tal maatregels fan it binnenstêdsmanagement yn Dokkum. Dat hat der neffens wethâlder Sicco Boorsma foar soarge dat ferskate gebouwen wer in bestimming krigen ha, dat minsken wer fergees parkeare kinne oan de râne fan it sintrum, dat der in keapsnein kaam is en dat de paadwizers yn it sintrum oanpakt wurde.

Ferline jier stiene der noch 30 panden leech, no sitte yn 16 fan dy 30 panden restaurants, winkels, appartementen of kantoaren.

Winkels yn de binnenstêd sjogge ûnderwilens de omset ek wer groeien. It binnenstêdsmanagement seit dat se der noch net binne yn Dokkum. De konkurrinsje mei ynternetwinkels bliuwt en der steane dochs ek noch wol wat gebouwen leech.

Trefwurden: 
leechstân Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)