UWV moat WW-útkearings âld-wurknimmers Prins Dokkum oanpasse

10 sep 2015 - 14:34
  • Staking Prins Dokkum

It UWV moat de WW-útkearing fan âld-wurknimmers fan fangrailprodusint Prins Dokkum dochs yn har foardiel oanpasse. Dat hat de rjochtbank yn Grins bepaald yn in proseduere dy't it fakbûn CNV Vakmensen oanspand hie.

De wurknimmers fan Prins fierden lang aksje tsjin sluting fan it fabryk, mar dat holp úteinlik net. Se krigen dêrnei in útkearing, mar dy waard nei in pear moanne nei ûnderen bysteld. It UWV luts de dagen dat se aksjefierd hiene ôf fan it totaal op grûn wêrfan't de útkearing berekkene wurdt. De rjochter fynt dat dat net kin.

De útkearing wurdt no wer nei boppen ta oanpast. De âld-wurknimmers geane der no tusken de 50 en de 120 euro yn de moanne op foarút.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)