Prader-Willi Hûs kin him net fine yn ferskerpe tafersjoch

10 sep 2015 - 13:34

Soarchynstelling it Prader-Willi Hûs yn Mûnein kin him net fine yn it beslút fan de ynspeksje om ferskerpe tafersjoch op te lizzen. Neffens de ynspeksje is de soarch net goed. Sa binne dossiers net op oarder en is mear as de helte fan it personiel net oplaat om te wurkjen yn de soarch.

Minsken mei it Prader-Willi syndroom binne faak ferstanlik beheind, wolle altyd ite en hawwe lêst fan fersloppe spieren. Der sitte 14 bern yn de soarchynstelling yn Mûnein. No tiisdei komt der opnij kontrôle. Se hoopje dan dat se de saak op de rit hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)