Nei 70 jier monumint foar slachtoffers seemynûngelok Peazens

10 sep 2015 - 11:49

Krekt nei de earste Keninginnedei nei de Twadde Wrâldoarloch die him yn de Peazumerlannen in needlottich ûngelok foar. By it demontearjen fan in oanspielde Dútske seemyn gie wat mis. De út fiif man besteande springploech fan de keninklike marine en trije ynwenners fan Peazens kamen om by de grutte ûntploffing.

Tongersdei, 70 jier nei it ûngelok, waard in monumint, makke fan in âlde seemyn, ûntbleate. It giet om in inisjatyf fan Peazumer Einte Prins.

Idske Klijnstra-Oosterling ferlear har doe 18-jierrige broer by it ûntmanteljen fan de seemyn. Sy is hiel bliid mei it monumint, mar fynt ek dat it der wol earder komme mochten hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)