Soarchynstelling Mûnein ûnder ferskerpe tafersjoch

09 sep 2015 - 21:55
  • Ynspeksje foar de sûnenssoarch

Soarchynstelling It Prader-Willi Hûs yn Mûnein is troch de ynspeksje foar de sûnenssoarch ûnder ferskerpe tafersjoch steld. Neffens de ynspeksje binne der strukturele problemen yn de soarch. It hûs is in lytsskalige wenfoarm foar minsken mei it Prader-Willi syndroom. Doe't de ynspeksje yn novimber 2014 op besite kaam yn de ynstelling die bliken dat meiwurkers gjin kennis hiene dy't taspitst wie op it wurkjen mei minsken mei dizze genetyske sykte.

Ek wiene de soarchdossiers net op oarder, en wiene kliïnten beheind yn harren frijheid.

By lettere besites seach de ynspeksje wol ferbetterings, mar dizze wiene neffens harren noch net foldwaande. It Prader-Willi Huis stiet no foar seis moanne ûnder ferskerpe tafersjoch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)