Weststellingwerf siket ynvestearders nije sinneparken

09 sep 2015 - 20:11
  • Lokaasje by bedriuweterrein Wolvegea foar sinnepark

De gemeente Weststellingwerf hat plannen foar twa grutte sinneparken yn Wolvegea en Noardwâlde. Se dogge mei oan in lanlike proef. De bedoeling is dat de gemeente it mooglik makket foar inisjatyfnimmers om op grutte skaal sinnepanielen del te setten. Yn Wolvegea giet it om in stik lân fan tsien bunder, yn Noardwâlde om fiif hektare. Alles hinget wol ôf fan rykssubsydzje.

De twa parken kinne yn ideale omstannichheden elektrisiteit opwekke foar heechút 4000 húshâldens. Binnen no en trije jier soene de sinnepanielen der stean kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)