Nij psychologysk ûndersyk nei gifwiddo Ada S.

09 sep 2015 - 20:04

Ada S. út Boxmeer moat opnij psychologysk ûndersocht wurde. Dat fynt it gerjochtshôf yn Amsterdam. S. wurdt derfan fertocht dat se yn 2012 har man út Frjentsjer fergiftige hat. Acht jier dêrfoar soe se ek har earste echtgenoat fan it libben berôve hawwe. Ada S. is troch de rjochtbank feroardiele ta 20 jier sel.

It hôf fynt dat it ûndersyk dat earder dien is troch it Pieter Baan Sintrum, te lang lyn is. Benammen om't foar in rjochtsaak mei in mooglike TBS eask resint ûndersyk nedich is. It ûndersyk hoecht lykwols net folslein opnij.

Neffens it hôf folsteane oanfoljende petearen mei de fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)