"Alle trije nammen foar de nije fúzjegemeente doge net"

09 sep 2015 - 19:23

De trije nammen foar de nije fúzjegemeente dêr't de ynwenners fan It Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en fjouwer doarpen yn Littenseradiel út kieze kinne, doge net. Dat seit de Topografyske Wurkgroep Fryslân. It giet om de nammen Waadhoeke, Franeker en Nij-Westergo.

Sa foldocht Nij-Westergo net oan ien fan 'e staveringen fan 'e trije libbene talen. Yn it Nederlânsk skriuwe wy 'Nieuw Westergo', yn it Frysk 'Nij Westergoa' en sûnder dy lêste 'a' is it ek gjin Biltsk. Boppedat waard de skriuwwize mei 'a' al fêstlein yn de Westergoawei.

Franeker is gjin Fryske namme en mei de twa Frysktalige gemeentenammen fan no, hearre de ynwenners der wat it Frysk oanbelanget aanst net op efterút te gean. De namme Waadhoeke soe der neffens de wurkgroep better fan wurde as je der 'de' foarsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)