N381 tusken Easterwâlde en Drinte takom wykein ôfsluten

09 sep 2015 - 17:35
  • Nij asfalt

De N381 tusken Easterwâlde en de grins mei Drinte wurdt yn it wykein fan 11 oant en mei 14 septimber ôfsluten foar it ferkear. Fan freed 11 septimber 18.00 oere jûns, oant en mei moandeitemoarn 6.00 oere wurdt it ferkear omlaat.

De dyk krijt op dizze dagen op ferskate punten in nije ZOAB-laach, en wurdt opnij beline. De provinsje warskôget dat it wurk mooglik lûdsoerlêst opsmyt foar omwenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)