Lytse kâns op ierdbevings Noardeast-Fryslân troch gaswinning

09 sep 2015 - 17:08

Ierdbevings yn Noardeast-Fryslân kinne de kommende tiid net útsletten wurde. Dat lit de NAM woansdei witte by de ynstallaasje fan in boartoer yn Moddergat. Alhoewol't de risiko's net grut binne, kinne je neat útslute, sa seit wurdfierder Heeringa.

Tongersdei sette yn Moddergat de gasboarrings útein, nei alle gedachten foar sawat in healjier. Meielkoar moat der 1 miljard kubike meter gas wûn wurde op in djipte fan trije kilometer en oer in lingte fan 5 kilometer. Omrekkene kinne alle Fryske húshâldens dêr trije jier lang gas fan brûke.

Om 'Grinzer tastannen' foar te kommen sil in besteande wurkgroep yn Nes en in nije wurkgroep yn Eanjum de krêften bondelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)