Fryske hegeskoallestudinten ûndersykje feeboeren

09 sep 2015 - 16:06

140 studinten fan hegeskoalle Van Hall Larenstein en it Nordwin College ûndersykje fan tongersdei ôf hoe't boerebedriuwen yn de Noardelike Fryske Wâlden omgean mei de grûn, dong en it foer foar de kij. Se dogge dat yn opdracht fan de agraryske natuerferiening.

Nei in startgearkomste tongersdeitemoarn, sille de studinten yn groepkes op bedriuwsbesite. De Noardlike Fryske Wâlden wol graach dat der minder dong oerbliuwt en dat der minder fosfaat of oare skealike stoffen yn de natuer bedarje.

De twaddejiers studinten fan Van Hall begjinne mei it ûndersyk, 60 studinten fan it Nordwin College dogge dêrnei noch in djipgeander ûndersyk by tolve bedriuwen. April takom jier presintearje sy harren resultaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)