Joey van den Berg ûnwis foar wedstriid tsjin FC Grins

09 sep 2015 - 14:58
  • Joey van den Berg

It is noch ûnwis oft middenfjilder Joey van den Berg snein spylje kin yn de wichtige wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin FC Grins. De oanfierder herstelt noch fan in ljiskblessuere. "Joey heeft weer op het veld getraind. We zijn rustig begonnen. Ik denk dat de beslissing pas op het laatste moment valt," lit fysioterapeut Erik Ten Voorde witte op de offisjele webside fan Hearrenfean.

Younes Namli komt dit wykein yn alle gefallen net yn aksje. De oanfaller is op it stuit yn Denemarken dêr't er oan in búkblessuere behannele wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)