Frou krijt rem fan fyts yn skonk by ûngelok yn De Hoeve

09 sep 2015 - 14:27
  • De frou is mei  stjoer en al mei de ambulânse nei sikehûs De Tjongerskans brocht.
  • (stockfoto)

In frou út De Hoeve is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok by basisskoalle De Klaeter yn it doarp. De frou kaam mei har fyts te fallen en foel op de fyts fan har soantsje.

Se krige derby de greep fan de rem fan de fyts yn ien fan har skonken. It ding bleau fêst sitten. De brânwacht hat dêrom it stjoer fan de fyts loshelle. De frou is mei stjoer en al mei de ambulânse nei sikehûs De Tjongerskans op It Hearrenfean brocht. Dêr moat it stjoer operatyf fuorthelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)