'Franeker' net populêr as nije gemeentenamme yn Menaam

09 sep 2015 - 12:26
  • By de gearkomste binne de trije mooglike nije gemeentenammen presintearre

Nij-Westergo of Waadhoeke; dat lykje de meast populêre nammen yn Menaam foar de nije fúzjegemeente. Alteast dat docht bliken út in koart rûntsje troch it doarp. De ynwenners fan de gemeenten Frjentsjerteradiel, Menameradiel, It Bilt en fjouwer doarpen yn Littenseradiel foarmje fan 2018 ôf ien nije gemeente.

Tiisdeitejûn is besletten dat de minsken kieze kinne tusken Nij-Westergo, Waadhoeke of Franeker as nije gemeentenamme. Dizze trije opsjes binne selektearre út goed 500 ferskate nammen dy't ynstjoerd binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)