Bernelokker makket slachtoffers yn Ljouwert en Drachten

09 sep 2015 - 10:07

De plysje Noard-Nederlân hat in 45-jierrige bernelokker út Veendam oanhâlden. De man lokte yn boarterstúntsjes yn Ljouwert, Drachten, Emmen en Hoogeveen bern mei, wêrnei't hy syn hannen net thús hâlde koe. Der kamen de lêste tiid tsientallen oanjeften binnen. Dêrop hat de plysje in grut ûndersyk ynsteld.

Dêrút kaam úteinlik de man út Veendam nei foaren as fertochte. Hy is op 18 augustus oanhâlden. De plysje hat syn kompjûter en syn auto yn beslach naam. De man hat tsientallen saken bekend. Hy is op 2 septimber foarlaat by de riedkeamer.

Hy sit noch fêst.

Trefwurden: 
Ljouwert Drachten bernelokker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)