Monumint foar slachtoffers fan demontaazje bom Peazens

08 sep 2015 - 18:59

Der komt dochs lang om let in monumint foar de 8 minsken dy't op 10 septimber 1945 om it libben kamen by de demontaazje fan in bom by Peazens. De manlju moasten nei de Twadde Wrâldoarloch in seemyn demonteare dy't oanspield wie.

Fiif fan de slachtoffers wiene lid fan de springgroep fan de Keninklike Marine yn Hoek van Holland. De oare trije manlju kamen út Peazens, Alddyk en Marrum. It monumint is op partikulier inisjatyf realisearre en wurdt no tongersdei ûntbleate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)