1,5 miljoen euro foar sintrum Terwispel

08 sep 2015 - 16:44

It sintrum fan Terwispel wurdt útwreide mei sa'n 80 parkearplakken en in evenemintesintrum. Ek wurdt it doarpshûs folslein opknapt. Dat makke de gemeente Opsterlân tiisdei bekend op in parsekonferinsje.

It plan lei dêr al sûnt ferline jier maart. De fertraging hie te meitsjen mei klachten fan ynwenners dy't kleie oer ferlies fan privacy. De gemeente hat mei harren yn petear west. It plan kostet nei alle gedachten 1,5 miljoen. It is noch net bekend wannear't se begjinne sille mei de bou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)