Moasje tsjin gaswinning Skylge hellet it net

08 sep 2015 - 16:12
  • Poster tsjin gasboarrings op Skylge

In moasje fan PvdA Twadde Keamerlid Jan Vos en Partij van de Dieren keamerlid Esther Ouwehand tsjin de winning fan gas op Skylge hat it tiisdei net helle. It Fryske keamerlid Lutz Jacobi baalt dêr fan en wiist nei D66 as skuldige. As dy partij meistimd hie, hie de moasje it wol helle, neffens Jacobi.

Der wurdt no sjoen of der by de begruttingsbehanneling noch wat dien wurde kin om de gaswinning op Skylge te stopjen.

De Waadferiening en Gastvrij Terschelling, de feriening fan minsken dy't harren fersette tsjin mynbou op en rûn Skylge, fine it spitich dat de Twadde Keamer it net iens wurde kin oer de moasjes. Dochs tinke beide ferienings dat it úteinlik wol goed komme sil om't der wol in keamermearderheid tsjin gasboarrings op it eilân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)