Boargemasters wikselje fan gemeentehûs

08 sep 2015 - 14:45
  • Boargemaster Frjentsjerteradiel nei gemeentehûs It Bilt

De boargemasters fan de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel wikselje fan tiisdei ôf twa wiken lang fan hammer. De trije gemeenten fusearje begjin 2018 mei fjouwer doarpen yn de gemeente Littenseradiel. Mei de tydlike wiksel wolle gemeenten mear ynsjoch krije yn inoars organisaasjes.

De boargemasters binne foar twa wiken offisjeel waarnimmend boargemaster. Se ha tastimming fan de minister fan Ynlânske Saken. In fúzje fan gemeenten is yn ús lân noch net earder sa taret mei sa'n wiksel fan trije boargemasters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)