It Amelân wol petear mei COA oer opfang flechtlingen

08 sep 2015 - 14:40

De gemeente It Amelân hat oanjûn ek help biede te wollen foar flechtlingen. Neffens wethâlder Linda van der Deen is de hege need in sinjaal dat ek it Amelân hannelje moat. It eilân is posityf oer it eventueel opfangen fan asylsikers, mar de wethâlder wol noch gjin konkrete tasizzings dwaan.

Dêrfoar moat der earst in petear mei it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers komme. Oant 2003 hat It Amelân regelmjittich asylsikers opfongen. Op ferskate plakken op it eilân wienen opfangplakken yn ûnder oaren hotels en in buorkerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)