Tsjerketoer Hegebeintum ûndergiet wurksumheden

08 sep 2015 - 14:02

Yn Hegebeintum is hjoed begûn mei de wurksumheden dy't foarkomme moatte dat de toer fan de tsjerke noch langer fersakket. De toer is te swier foar de sêfte ûndergrûn.

Om de toer hinne wurde derom heipeallen de grûn yn treaun. Op de heipeallen komt in betonnen plaat dêr't de toer op komt te stean. De skuorren yn de muorren fan de toer wurde reparearre. De toer komt tenei los te stean fan de tsjerke, sadat beide gebouwen ûnôfhinklik fan mekoar bewege kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)