WoonFriesland wol flechtlingen opfange yn lege gebouwen

08 sep 2015 - 13:44

Wenningkorporaasje WoonFriesland besjocht op dit stuit oft der flechtlingen ûnderbrocht wurde kinne yn leechsteande kantoargebouwen of soarchlokaasjes lykas âldereintehuzen. It giet om acht lokaasjes. WoonFriesland praat mei de Fryske gemeenten en it COA oer dizze plannen.

WoonFriesland lit witte dat se op dit stuit oan de fraach foldwaan kinne om flechtlingen mei in ferbliuwsfergunning ûnderdak te jaan. Mar de korporaasje hâldt der rekken mei dat dat feroarje sil sjoen de hoeddeistige problematyk.

Dêrom is WoonFriesland in pear wiken lyn begûn mei it sykjen fan oplossings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)