Hurdfytser Mollema bliid mei koerswinst yn Kanada

08 sep 2015 - 13:27

Bauke Mollema fan Ljouwert is bliid dat er nei acht jier wer in koers wûn hat. Hy wûn moandei de Ronde fan Alberta yn Kanada. Mollema waard de ôfrûne jierren al ris twadde, fjirde en fiifde, mar dit is syn earste einoerwinning sûnt 2007, doe't er de Ronde van de Toekomst wûn.

Tom-Jelte Slagter fan Nij Beets waard tredde yn it klassemint yn Kanada.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)