"Alle Fryske gemeenten ûndersykje opfang foar flechtlingen"

08 sep 2015 - 13:01

Alle Fryske gemeenten ûndersykje oft se flechtlingen opfange kinne. Dat seit Tjeerd van der Zwan, foarsitter fan de Feriening Fryske Gemeenten. Neffens Van der Zwan dy't boargemaster is fan Hearrenfean, is der sprake fan in omslach. Dat hat te krijen mei de ynkringende bylden dêr't eins net ien mear om hinne kin, sa seit Van der Zwan.

Yntusken hawwe de gemeenten Ljouwert, Weststellingwerf en Hearrenfean oanjûn dat se ree binne om asylsikers op te fangen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)