Fôltsje yn Marsum dea nei ynset F16's fleanbasis Ljouwert

08 sep 2015 - 12:03

In fôltsje fan in pleats yn Marsum hat de ynset sneontejûn fan twa F16's fan fleanbasis Ljouwert net oerlibbe. De hynders fan bistedokter Douwe Dijkman sloegen troch it lûd op 'e rin en hawwe elkoar fertrape. It fôltsje rekke dêrby sa slim ferwûne oan in skonk dat er ôfmakke wurde moast.

De F16's kamen yn aksje foar in saneamde QRA, in quick reaction alert, om in fleantúch te ûnderskeppen. De Boeing makke gjin kontakt mei de luchtferkearslieding.

De fleanbasis seit yn in reaksje it hiel 'ferfelend' te finen foar Dijkman mar stelt dat de nasjonale feiligens ûnder gjin betingst yn 'e knipe komme mei.

Der binne yn totaal trije klachten binnen kaam oer de QRA fan sneontejûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)