Personiel Omrop organisearret 'Dei fan it Fryske wurd'

08 sep 2015 - 11:46

It wurdt tiid foar in posityf sinjaal oer it Frysk. Dat fynt it personiel fan Omrop Fryslân. Dat organisearret dêrom op sneon 19 septimber de 'Dei fan it Fryske wurd'. Yn in tiid dat it Frysk ûnder druk stiet yn bygelyks it ûnderwiis, de rjochtbank en by de Omrop sels, is dit it momint foar sa'n dei, fine de Omroppers.

Op de Dei fan it Fryske wurd kin elk meiprate oer it Frysk en de rykdom fan dy taal, ûnder mear troch it eigen favorite Fryske wurd troch te jaan. Dat bart yn in live-programma tusken 13-18 oere op radio, tv en ynternet.

Op in poadium yn de foartún fan de Omrop yn Ljouwert is der muzyk (ûnder oaren fan De Kast, Anneke Douma en de Fryske trûbadoers) en komme skriuwers, bloggers, dichters, bestjoerders en politisy del.

Njonken de pommeranten hoopje de Omrop-meiwurkers ek op de komst fan in soad 'gewoane' Friezen dy't har oer har taal útsprekke wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)