Byld Fiskerman mei Jonkje yn Boalsert tenei yn brûns

08 sep 2015 - 11:23

Boalsert hat syn byld 'Fiskerman mei Jonkje' werom. It houten byld fan Durk Bosma is tenei yn brûns. It orizjinele byldsje wie nei tweintich jier hielendal op, mei om't fandalen it mear as 80 kear fernielden.

It byld waard ferline jier nei de lêste fernieling fuorthelle. Mei help fan ferskate organisaasjes is it byld nei brûnsjitterij Flassh yn Balk brocht. Dêr is fan it houten byld in brûnzen ferzje makke. Kommende sneon wurdt it byld offisjeel ûntbleate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)