Spuitsje foar seebear Forelli út Aqua Zoo Ljouwert

08 sep 2015 - 11:06

Bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert hat moandeitejûn seeliuw Forelli ynsliepe litten. It 19-jierrige bist hie tefolle sûnensklachten. Forelli kaam yn 2006 nei Ljouwert en waard al gau in publykslûker. It grutte bist wie de lieder fan in groep seeliuwen yn it bistepark.

Doe't dúdlik waard dat hy siik wie, hawwe meiwurkers oant de ein by him west. Nei syn dea is Forelli foar ûndersyk nei de Faculteit Diergeneeskunde yn Utrecht brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)