Wer drugsôffal achterlitten yn natuergebiet

08 sep 2015 - 11:01

Oan de Rotstergaasterwei yn Nijskoat hawwe ûnbekenden plestik pûden mei himpôffal achterlitten. It is al de twadde kear yn twa dagen dat der drugs yn dy omkriten dumpt wurde.

Moandei ûntduts de plysje ek al himpôffal yn natuergebiet De Deelen op It Hearrenfean. Kriminelen litte hieltyd faker drugsrêsten achter yn de natuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)