Berger fûn foar kranen en brêge Alphen aan den Rijn

08 sep 2015 - 08:56
  • BSB Staalbouw belutsen by kraanûngelok Alphen aan de Rijn
  • Kraanûngelok Alphen aan de Rijn

De bergingskombinaasje Mammoet en Hebo Maritiemservice sil yn Alphen aan den Rijn de omfallen kranen en de brêge fan BSB út Burgum berge. De bedriuwen hawwe de opdracht krigen om't se de measte oandacht hawwe foar de feiligens en de hinder foar de omwennenden.

As de bergingsoperaasje klear is, dan kin begûn wurde mei it oprêden fan de ravaazje dy't ûntstie doe't de twa grutte kranen en de brêge op 3 augustus omfoelen en op guon huzen telâne kamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)