Omtinken foar widzedea op earste Dei fan de Kreamsoarch

08 sep 2015 - 08:20

It is tiisdei de earste lanlike Dei fan de Kreamsoarch. It is in inisjatyf fan de kreamsoarch-sektor sels, yn gearwurking mei VeiligheidNL. Fan no ôf wurdt der alle jierren op de Dei fan de Kreamsoarch in bepaald tema ûnder de oandacht brocht. Tiisdei wurdt der ekstra omtinken frege foar it feilich sliepen fan poppen.

Om widzedea foar te kommen bliuwt it wichtich om âlders dêroer te ynformearjen, sizze de kreamfersoargers. Widzedea komt hieltyd minder foar yn Nederlân. Yn 1985 gie it om 190 baby's, no binne it der minder as 20.

Op de lanlike Dei fan de Kreamsoarch wurdt ek in kongres holden foar kreamfersoargers, yn Nieuwegein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)