Gau dúdlikens oer AZC yn Ljouwert

07 sep 2015 - 21:58
  • It stedhûs fan Ljouwert

Binnen fjouwer wike moat dúdlik wêze wêr't in needsopfang of in AZC, in asylsikersinstrum, yn Ljouwert komme moat. Dat antwurde wethâlder Andries Ekhart moandei op fragen fan de gemeenteried. Earst wurdt sjoen nei de mooglikheid foar needopfang fan flechtlingen krekt lykas no yn Swol dien wurdt. Dêr wurde minsken opfong yn de IJsselhallen. Dêrneist is de gemeente al in skoft yn petear mei it COA oer de komst fan in AZC yn Ljouwert. Dêr moatte tusken de 800 en tûzen minsken opfong wurde.

Der binne ek al geskikte lokaasjes fûn. Omdat de buert earst ynformearre wurde moat, wol wethâlder Ekhart dêr fierder noch neat oer sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)