Loes Geurts ûntbrekt troch blessuere by Oranjefroulju

07 sep 2015 - 21:12

Loes Geurts fan Hichtum ûntbrekt troch in blessuere yn 'e seleksje fan de Nederlânske fuotbalfroulju foar de oefenwedstriid tsjin Wyt-Ruslân. Oer oardel wike spylje de Oranje Leeuwinnen yn Doetinchem tsjin de Wyt-Russyske dames. It is de earste wedstriid nei it wrâldkampioenskip fan ôfrune simmer. Sherida Spitse fan Snits sit wol by de seleksje, dy't tsjin Wyt-Ruslân ûnder lieding stean sil fan ynterim-bûnscoach Sarina Wiegman.

Takom jier spilet Oranje in kwalifikaasjetoernoai foar de Olympyske Spelen fan 2016 yn Rio de Janeiro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)